Catriona Le May-Doan

Catriona Le May-Doan
sporter
Catriona Le May-Doan (2010)
Catriona Le May-Doan (2010)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Catriona Ann Le May-Doan
nasjonaliteit Kanadeesk
bertedatum 23 desimber 1970
berteplak Saskatoon
lingte 1.70 m
gewicht 70 kg
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Tignes-Albertville 1992,
Lillehammer 1994,
Nagano 1998,
Salt Lake City 2002
debút 1989
karriêre-ein 2003
wichtige prestaasjes
2x goud Olympyske Spullen 1998, 2002
1x brûns Olympyske Spullen 1998
2x goud WK Sprint 1998, 2002
1x sulver WK Sprint 1999
1x brûns WK Sprint 2001

Catriona Ann Le May-Doan (Saskatoon, 23 desimber 1970) is in earder Kandadeesk reedrydster. Acht jier lang wie Le May-Doan ien fan de bêste sprintsters fan de wrâld.

Sy die trettjin kear mei oan it Wrâldkampioenskip Sprint en fjouwer kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1992, 1994, 1998 en 2002). Sy waard by dizze kampioenskippen twa kear wrâldkampioen, helle op de Olympyske Spullen twa gouden medaljes op de 500 meter en in brûnzen medalje op de 1000 meter. Yn 2003 hold Le May-Doan op mei reedriden op heech nivo.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy